Redbad

Skelte Siweris Braaksma


fry | 16-01-2025 | 80 pagina's

9789493318342

Hardback


€ 19,50

 Voorraad in de winkel
   Bestelbaar

   Retourtermijn binnen 14 dagen

   Gratis bezorging vanaf € 45,00




Tekst achterflap

Redbad is wiidferneamd as ‘grutste Fries ea’, mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? Hoe stjoerde er Fryslân oan? Wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie krekt yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn dizze ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra wurdt in byld sketst fan hoe’t it libben fan de romrofte kening derút sjen kinnen hie. Fan lyts jonkje oant syn dea, sjoen troch de eagen fan syn bloedfreon, dy’t lykas harren fijannen, en Redbad sels, de rânen opsiket fan wat rjochtfeardige is yn tsjinst fan it hegere doel. ‘Yn dizze graphic novel komme de wrâlden fan it boek fan Willem, it iepenloftspul fan Tjits en it album fan Baldrs Draumar byinoar. En dat allegear op in hiel eigen wize delset troch Skelte Braaksma. De gesichtsútdrukkingen fan de karakters jouwe de juste ynfolling by de emosjonelere sênes. Der sit in soad leafde en tiid yn dizze ferstripping fan dat geweldige ferhaal.’ Sjoerd Steegstra – sjonger Baldrs Draumar, haadrolspiler Rêdbâd iepenloftspul.

Details

EAN :9789493318342
Auteur: 
Uitgever :Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Publicatie datum :  16-01-2025
Uitvoering :Hardback
Taal/Talen : fry
Hoogte :317 mm
Breedte :238 mm
Dikte :14 mm
Gewicht :683 gr
Status : Bestelbaar
Aantal pagina's :80
Keywords :  fries;frysk;historisch;redbad;strip